De lêste begrutting fan dizze bestjoersperioade leit foar jo. Mei foarsichtige planning en dúdlike keuzes presintearje wy in slútende begrutting foar 2026 en 2027. Dat jout oan dat wy finansjeel op koers lizze én romte fine foar ynvestearring yn ús mienskip.
Wy sjogge kânsen om yn 2026 wichtige ynfestearrings te dwaan dy’t bydrage oan de leefberens en ûntwikkeling fan ús gemeente. Sa sette wy yn op it oanjeien fan de wentebou, de werynrjochting fan it sintrum fan Burgum en it stypjen fan ynisjativen út ús doarpen. Hjirmei wolle wy bouwe oan in gemeente dêr’t minsken graach wenje, wurkje en meielkoar libje.
De ried hat by de Kadernota 2026–2029 dúdlik makke dat se har ynsette wol foar in mienskip dêr’t ek op mear gebieten ambysje toand wurdt. Wy hawwe de oprop fan de ried goed heard en de ynhâld fan dy moasje opnommen yn de begrutting, wêrby’t wy de finansjele stabiliteit hanthavenje yn alle gefallen foar 2026 en 2027. Yn it haadstik ‘Fûgelflecht’ fine jo hjir mear ynformaasje oer. Net alle winsken kinne tagelyk ynfolle wurde, mar troch yn petear te gean en goed ôf te weagjen, komme wy ta besluten dy’t it algemien belang tsjinje.
It ôfrûne jier stie yn it teken fan it fierder opbouwen fan ús amtlike organisaasje. Wy hawwe wichtige stappen set om ús tsjinstberens nei ynwenners, organisaasjes en bedriuwen te fersterkjen. Dat is ek werom te sjen yn dizze begrutting. Wy binne goed op wei, al is der ek op dat mêd noch wurk te fersetten.
Yn ‘Fûgelflecht’ jouwe wy ek in byld fan ûntjouwingen dy’t kleur jouwe oan it ferlet yn ús gemeente. It finansjele perspektyf foar 2026 en 2027 is foarsichtich posityf. Mei skerpe, mar goed oerwage keuzes kinne wy in moaie slach meitsje.
Foar de langere termyn sjogge wy wol útdagings. Fanôf 2028 kin de finansjele romte ûnder druk komme, benammen as der gjin strukturele oplossing komt foar it gemeentefûns. Wy kieze derfoar om dat no al dúdlik te meitsjen, sadat wy ús yn oerlis mei de nije ried strategysk tariede kinne op mooglike keuzes – sûnder no al yngripende maatregels te nimmen.
Wy hoopje dat De Haach de needsaak fan gearwurking en trochbraken ûnderkent. De troonrede en miljoenenota fan dit jier komme yn in tiid wêryn’t ús lân ropt om ferbining en dúdlikheid. It is tiid foar werstel fan fertrouwen tusken gemeenten en it Ryk, en foar konkrete stappen foarút.
Gemeenten hawwe ferlet fan duorsume finansjele ferhâldings, in lange termynfisy en ynvestearrings dy’t stabiliteit biede. Wy stean klear om mei ús maatskiplike partners ferantwurdlikens te nimmen. Mei in passende finansiering kinne wy bouwe oan in fearkrêftige en ferbûne mienskip – in mienskip dêr’t wy grutsk op wêze meie.
Ta beslút
Yn dizze programmabegrutting (2026-2029) wurde yn de algemiene haadstikken it belied en de finansjele middels dy’t dêrby hearre foar de kommende jierren op haadlinen presintearre. De fierdere útwurking fynt plak yn de programma's. Elts programma hat syn eigen útdagings dy't wy allinnich mei-inoar oanpakke kinne. Graach wolle wy, mei de ried en de mienskip, de opjeften foar it kommende jier oppakke en duorsum oparbeidzje oan in gemeente dêr’t romte is foar elkenien.
It kolleezje tanket alle meiwurkers foar de ynset om dizze begrutting wer op priemen te setten.
Burgum, 7 oktober 2025
Boargemaster en wethâlders fan Tytsjerksteradiel